BOARGERJIERFERSLACH 2010 Steategearkomste fan 23 maaie 2011

Size: px
Start display at page:

Download "BOARGERJIERFERSLACH 2010 Steategearkomste fan 23 maaie 2011"

Transcription

1 BOARGERJIERFERSLACH 2010 Steategearkomste fan 23 maaie 2011 Boargerjierferslach

2 Boargerjierferslach 2010 F RY S L Â N: I E P E N E N E I G E N 2

3 Ynlieding Mei nocht presintearje ik jo myn boargerjierferslach oer It is in wetlike plicht, mar ik fyn it ek net mear as logysk dat jo sjen kinne hoe t de provinsje foar jo klear stien hat. Om de kosten te beheinen, is it boargerjierferslach sûnt 2008 part fan de jierstikken fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten. It jier 2010 wie mei it each op de polityk in rûzich jier. Yn De Haach dominearren de yntiids hâlden ferkiezings it jier. Earst yn e hjerst wienen de kontoeren dúdlik oangeande it belied dat it kabinet de kommende jierren fiere sil en hoe t it Ryk besúnigje sil. It kabinet gunt de provinsje in gruttere rol op it mêd fan natuer, ekonomy en lânskip. Oare aktiviteiten moatte oerdroegen wurde oan gemeenten. Foar de taken dêr t de provinsje har op konsintrearje mei sil minder jild beskikber wêze as de oerheden der no foar útlûke. Sa sil de kommende jierren it provinsjale belied gâns bysteld wurde en sil der flink op besúnige wurde. Lokkich wie de provinsje Fryslân al dwaande mei tarieding fan oanpassing fan de rol, sadat in protte wurk al dien is. Hjir kinne nei de ferkiezings fan 2 maart 2011 de nije Provinsjale Steaten en it nije Kolleezje fan Deputearre Steaten fierder mei. De rûzige sitewaasje yn De Haach betsjutte net dat de aktiviteiten fan de provinsje stadiger gongen. Mei folle faasje is hjir krekt trochwurke oan it belied dat de trije koalysjepartijen yn 2007 ôfpraat hienen. Deputearre Steaten konstatearren dat it belied robúst genôch is om ek de ekonomyske krisis en de Haachske besúnigings te trochstean. Mei de oanpassing fan de provinsjale organisaasje is yn 2009 in begjin makke. De yn 2010 mei syn wurk út ein setten algemien direkteur is mei dat proses trochgongen, om in tsjinstber en fleksibel amtnersapparaat te meitsjen dat de Fryske mienskip noch better betsjinje kin. Fan dizze en oare saken op it mêd fan de tsjinstferliening en de boargerpartisipaasje dêr t de provinsje it ôfrûne jier mei dwaande west hat, fine jo yn dit boargerjierferslach in oersjoch. In Fryske fersy fan dit ferslach stiet op In soad lêswille! J.A. Jorritsma Kommissaris fan de Koaningin yn de provinsje Fryslân Boargerjierferslach 3

4 Boargerjierferslach 2010 F RY S L Â N: I E P E N E N E I G E N Ynhâldsopjefte I. Provinsjale Steaten Gearkomsten en oar oerlis fan PS en Steatekommisjes Inisjatyfútstellen Fragerjocht Ynterpellaasjes II. De kwaliteit fan de tsjinstferliening Digitalisearen Ôfhanneljen fan oanfragen Ferbettering fan tsjinstferliening De omkritenfergunning (Wabo) Útfieringsorganisaasje Fergunningferliening, tafersjoch en hanthavenje (Ek wol: RUD) Takennen fan subsydzjes Telefoanyske berikberens Beteljen faktueren Webside Oare wize fan bekendmeitsjen Nijsbrieven, ynformaasjebrieven en parseberjochten Fersiken om ynformaasje Elektroanysk oanfreegje fan subsydzjes,fergunnings, ûntheffingen en al sa mear Klantetefredenheid Iepenbier ferfier Fryske taal Yntegriteit III. De kwaliteit fan boargerspartisipaasje Ynformaasje- en ynspraakgearkomsten It ferfolch fan Fryske Fiersichten Duorsume enerzjy Duorsume bedriuwsfiering Wurkbesites Kolleezje fan Deputearre Steaten Frysk Jeugd Parlemint Steatespul Ynsprekkers

5 IV. Ôfhanneljen fan klachten, beswier en berop Klachteregistraasje Sektor Provinsjale Wettersteat Provinsjale klachteregeling Klachteregistraasje ôfdieling Komplekse ynfraprojekten Miljeu-alarmnûmer Beswier- en beropskriften V. Konklúzjes Oer in pear ûnderwerpen binne oanbefellings foar 2009 dien en konklúzjes lutsen. Foar safier fan belang sille der ek oer it jier 2010 in pear konklúzjes lutsen wurde Boargerjierferslach 5

6 Boargerjierferslach 2010 F RY S L Â N: I E P E N E N E I G E N I. Provinsjale Steaten Sitferdieling fan de 43 sitten partij tal sitten CDA 12 PvdA 12 VVD 5 FNP 5 SP* 4* CU 3 GrienLinks 2 * In 3-tal leden fan de SP hawwe har yn 2010 ôfskieden. Dy hawwe (mei) de partij Feriene Lofts/FL oprjochte en sitte út namme fan dy partij yn de Steaten. Sa hat de SP noch mar íén sit. Gearkomsten en oar oerlis fan PS en Steatekommisjes Yn 2010 kamen Provinsjale Steaten 10 kear byinoar. Provinsjale Steaten oerleinen it ôfrûne jier ûnder mear oer: Wegeplannen, (lykas de Centrale As, N381 en de Heak ) Gearwurkingsaginda gemeente Ljouwert - provinsje Fryslân Beliedsramt Romtlik Ekonomysk Programma De takediskusje fan de provinsje, Provinsjale regyrol bij fersterking kwaliteit lokaal bestjoer, Gearwurkingsferbân Noard Nederlân Fryslân as kulturele haadstêd fan Europa, (útfiering) Wet algemiene bepalingen omkritenrjocht Problematyk pealrot Reststoffen Enerzjy Sintrale Harns Opheinen, transport en opslach CO2 It iepenbier ferfier, Ynvestearrings yn de ekonomy en de ynfrastruktuer De University Campus Fryslân Dairy Campus Frysk Miljeuplan Miljeuprogramma Subsydzjeferoardering Natuer-en Lânskipsbehear It Hearrenfean Stêd fan Sport Merk Fryslân De Steatekommisje Boarger en Mienskip kaam 10 kear byinoar. De Steatekommisje Lân, Loft en Wetter kaam 11 kear byinoar. Hjir is by ynbegrepen 1 mienskiplike Steatekommisjegearkomste. Dêrnjonken binne der altyd noch ferskate oare gearkomsten foar Steateleden, fariearjend fan wurkbesites oant ynformaasjegearkomsten, los fan de fraksjegearkomsten. 6

7 Inisjatyfútstellen Yn 2010 kamen der twa inisjatyfútstellen oan e oarder. Fan FNP, SP en ChristenUnie oer pealrot. Dat foarstel waard fersmiten. De PvdA hie in foarstel oer de saneamde stimulearringsregeling fundearringsproblematyk. Dat krige stipe fan Provinsjale Steaten. Fragerjocht Mei-inoar hawwe de fraksjes 62 kear skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten. Dat is 31 minder as yn skriftlike fragen wienen ôfkomstich fan in koalysjepartij, de rest fan de opposysje. De skriftlike fragen gongen oer de neikommende ûnderwerpen: Sâltwinning; Technasium; Reststoffen Enerzjy Sintrale (REC); besúnigingen Jeugdsoarch; Glêstried; útfieringsprogramma Wetterbehear; Frysk yn rjochtsferkear; OV-chipkaart; ferhúzje OM; potfertarre Súdwest Fryslân; sifers toerisme; spoar It Hearrenfean-Grins. Foar de folsleinens sjogge jo hjirûnder it tal fragen fan de ôfrûne jierren. Tal skriftlike fragen Partij CDA PvdA FNP VVD ChristenUnie *) GrienLinks SP D66 **) GBF **) OFS **) Mei-inoar 93 ***) 68 ***) 85 ***) 85 ***) *) Oant 7 maart 2007 hie de ChristenUnie in listferbining mei de SGP. **) D66, GBF en OFS hienen nei 7 maart 2007 gjin sit mear yn PS. ***) Mei t in tal fragen troch in kombinaasje fan fraksjes yntsjinne is, is it tal mei-elkoar leger as de som fan de ôfsûnderlike fraksjes. Neist it yntsjinjen fan skriftlike fragen bestiet de mooglikheid om oan it begjin fan elke Steategearkomste mûnling fragen te stellen. Yn 2010 waarden 9 mûnlinge fragen steld. Ynterpellaasjes As in Steatelid (mear) ynformaasje winsket oer in bepaalde saak, kin gebrûk makke wurde fan it rjocht fan ynterpellaasje. Yn 2010 is 5 kear fan dat rjocht gebrûk makke. (Fan dy mooglikheid waard yn kear gebrûk makke. Yn 2008 wie dat oantal 5, yn 2007 wie dat oantal 6 en yn kear.) It gong oer de neikommende ûnderwerpen: Miljeufergunning fan de REC; Polderhaadkanaal; Cartesius Ynstitút; weryndieling Súdwest Fryslân en de Centrale As. Boargerjierferslach 7

8 Boargerjierferslach 2010 F RY S L Â N: I E P E N E N E I G E N II. De kwaliteit fan de tsjinstferliening Digitalisearen (earder ynformaasjebelied) Yn 2010 is it inisjatyf nommen om in Digitale Aginda Fryslân op te setten. De Digitale Aginda Fryslân biedt in tûke ynset fan digitale foarmen fan tsjinsten, foarsjennings en in nije, bewuste wize fan sjen nei de funksje fan digitalisearring yn maatskiplike ûntwikkelingen. Digitalisearring docht dan daliks wat ta oan it wolfielen fan de ynwenners en besikers fan Fryslân yn it deistich libben. It helpt harren om selsstannich of mei oaren foarm te jaan oan de kwaliteit fan libben yn Fryslân. It karakteristike fan de Fryske oanpak fan maatskiplike digitalisearring fia de Digitale Aginda Fryslân is dat de klam leit op yntegrale regionale gearwurking. De Digitale Aginda Fryslân is fan Fryslân. It giet derom mei-inoar op te wurkjen oan de tapassing fan digitale tsjinsten en foarsjennings foar echte maatskiplike opjeften (net de technyk mar de nuttige tapassing derfan stiet sintraal). Fierder is it doel fan de Fryske oanpak om kennis te dielen mei de mooglikheden en effekten fan maatskiplike digitalisearring yn Fryslân en Europa. De Provinsje wol benammen it tagonklik meitsjen fan kennis en ûnderfinings út de regio en út hiel Europa wei fersterkje foar gebrûk oeral yn Fryslân. Sa wurdt Fryslân in tûke regio yn Europa. De feroaring yn de provinsjale rollen dy t dêrby heart en rjochte is op mear en flexibele gearwurking, wurdt stipe troch it projekt Nije Wurken. Sa is de Provinsje hieltyd better by steat om mei de kennis en ynformaasje en ynset fan minsken in hiel skala oan maatskiplike ûntwikkelingen te fersterkjen. Ôfhanneljen fan oanfragen Sûnt 1 oktober 2009 is de Wet twangsom en berop by net yntiids beslúte fan krêft. De wet is bedoeld om derfoar te soargjen dat oerheden, lykas provinsjes, gemeenten en wetterskippen sa gau mooglik beslisse oer oanfragen en beswierskriften fan boargers. In oerheid dy t net op e tiid beslist, giet oer de beslistermyn hinne. De wet jout de boarger yn sa n situaasje de mooglikheid om in fergoeding (twangsom) fan de provinsje te krijen at der net op tiid in beslissing op syn of har oanfraach of beswierskrift nommen wurdt. Yn spesifike regeljouwing dêr t de oanfraach of it beswierskrift út folget, stiet oanjûn binnen hokker termyn der in beslissing op in oanfraach of beswierskrift nommen wurde moat. Dat kin in Rykswet wêze, mar ek in provinsjale oardering of in oare regeling. At der gjin wetlike termyn is, jildet in reedlike termyn. Wat reedlik is, hinget ôf fan de soarte fan beslissing. Dat kin in pear wike of moanne wêze, mar yn sommige, ienfâldige, gefallen ek in pear dagen. Hjirûnder folget in oersjoch fan de sakrekt neamde oanfragen. Beslúten Natuer en Miljeu Wet/Regeling soarte proseduere (wetlike) tal persintaazje ôfhannelings- ôfhannele op tiid noarm ôfhannele Wet Boaiembeskerming Beskikking earnst en driuwend, 15 wkn 9 89% sanearringsplan of kombinaasje hjirfan (1 net op tiid) Beoardieling melding 5 wkn 38 92% Besluit Unifoarme Sanearringen (3 net op tiid) Subsydzjebeskikkingen 13 wkn 3 33% Bedriuweregeling (2 net op tiid) 8

9 Wet/Regeling soarte proseduere (wetlike) tal persintaazje ôfhannelings- ôfhannele op tiid noarm ôfhannele Beskikking evaluaasjeferslach en/of 8 wkn evaluaasje % neisoarchplan boaiemsanearring ferslach, 6 mn (9 net op tiid) neisoarchplan Ûntgrûningewet Fergunning/melding (koarte pros.) 16 wkn 11 resp % (lange pros.) 6 mn Grûnwetterwet Grûnwetterfergunning 6 mn % Floara en Faunawet Ûntheffing 8 wkn % Frijstelling 8 wkn % Natuerbeskermingswet Fergunning 13 wkn % 1998 Ferlinging fergunning 13 wkn % Wiziging fergunning 5 100% Foar in part takend /wegere 1 100% Net-fergunningplichtich % Boskwet Kontrôle werplantferplichtings 225 Kapmeldings 97 Yllegale fellingen 12 Fuort rekke beplantingen 24 Wet Miljeubehear * Oprjochtingsfergunning 6 mn 6 67% Revysjefergunning 6 mn 9 89% Feroaringsfergunning 6 mn % Melding 6 wkn % Ynskewielbeskikking 6 wkn 3 100% Goedkarringsbeslút 6 wkn 4 100% Ûntheffing 6 wkn 4 100% Fjoerwurkbeslút Ûntbaarningstastimming/ meldings 8 wkn % Loftfeartwet ûntheffingen 4 wkn % * Op e nij kin konstatearre wurde dat it algemiene byld dat út dizze tabellen nei foaren ta komt, tige posityf is. De score is, op in pear útsûnderingen nei, meast hast 100%. Fierder haw ik der alle fertrouwen yn, dat ús amtners der alles oan dogge dy score heech te hâlden. Boargerjierferslach 9

10 Boargerjierferslach 2010 F RY S L Â N: I E P E N E N E I G E N Beslúten Wegen en Farwegen Wet/Regeling soarte proseduere (wetlike) tal persintaazje ôfhannelings- ôfhannele op tiid noarm ôfhannele Binnenskipperij polysjereglemint / Farwegeoardering Farfergunning 5 dgn % ûntheffing foar eveneminten 6 wkn % ûntheffing beheinings keunstwurken 6 wkn 5 100% ûntheffing oar 6 wkn % Farwei-oardering ûntheffing 16 wkn % Wege-oardering ûntheffing (*) 16 wkn (+2x8 wkn) Fan ôf: 1x8 wkn + 1x6 wkn opskowe % Reglemint Ferkearsregels en Ferkearstekens ûntheffing 8 wkn % Wegeferkearswet ûntheffing 8 wkn % Motorreaureglemint ûntheffing o.f. lânbouferkear 8 wkn 5 100% * Sûnt 2006 jout de provinsje gjin ûntheffingen mear ôf foar eksepsjonele transporten. Dit wurdt sûnt dy tiid dien troch de Rykstsjinst foar it Wegeferkear. Bûten de ôfmjittings fan it mandaat oangeande de beslisromte freget de RDW noch wol advys oan by de provinsje. Yn 2010 binne 402 advizen oan de RDW ôfjûn troch de provinsje. Mei yngong fan 1 july 2008 is de nije Wet romtlike oardering yngien. Dat freget in oare wurkwize, mar hat gjin direkte gefolgen foar de boargers. Dêrom binne hjirûnder de besluten yn it ramt fan de Wet romtlike oardering yn twaen splitst. In skema oant 1 july 2008, foar de saken dy t neffens it oergongsrjocht noch ûnder de âlde WRO falle, en in skema néi 1 july 2008, foar de nije Wro. Beslúten Wet op de Romtlike Oardering 2008, âlde WRO Soarte proseduere oantal wetlike Trochsneed ôfhannelings- Persintaazje ôfhannelingsduer duer yn dagen op tiid ôfhannele Kêst *) % Ferkl. mei beswier 9 8 wiken Ferkl. sûnder beswier 6 Kêst 11 8 wiken 0 (+ evt. moanne opskowe) Goedkarringsbeslút 4 Bestimmingsplan sûnder beswier 3 13 wiken % Bestimmingsplan mei beswier 1 6 moannen % *) By de ôfjefte fan ferklearringen fan gjin beswier hawwe deputearre steaten nettsjinsteande it oer de termyn hinne gean it foech dôchs in beslút te nimmen. 10

11 Nije Wro (m.y.f ) Soarte proseduere oantal klear gjin wetlike ôfhannelingsduer; bestjoerlike doeltermyn 2 moannen Foarûntwerpbestimmingsplannen % Foarûntwerpprojektbeslúten % wetlike ôfhannelingsduer (6 wkn.) Ûntwerpbestimmingsplannen % Ûntwerpprojektbeslúten % Fêststelde bestimmingsplannen % Fêststelde projektbeslúten % Ferbettering fan tsjinstferliening Algeduerich wurdt der wurke oan fierdere ferbettering fan de tsjinstferliening oan de boargers, û.o. troch it yntrodusearjen fan nije produkten/wurkwizen. Sa is bygelyks by it Fryske Marreprojekt, yn it ramt fan de masterplannen Romtlike kwaliteit wettersportkearnen, dy t troch gemeenten en provinsje mei-inoar opsteld wurde, in metodyk ûntwikkele om goede plannen meitsje te kinnen foar de werynrjochting fan de wetterfronten by doarpen en stêden oan it wetter. Dy metodyk is ûntwikkele mei it romtlik kwaliteitsteam, eksternen en belutsen gemeenten. Der is in oersjoch opsteld fan 24 boustiennen oer it gebrûk fan romtlike kwaliteit, funksjonaliteit en duorsumheid. Dy metodyk wurdt troch gemeenten brûkt by it opstellen fan plannen. Dêrneist hat der sprake west fan in evaluaasje fan it Fryske Marreprojekt Foar dy gearkomste binne petearen west mei gemeenten, by it projekt belutsen partijen en groepen fan ûndernimmers. De útkomst wie dat men op hiel wat punten in soad wurdearring hat foar de resultaten en de wurkwize fan it FMP. Fierders hat der yn 2010 in tuskentiidske evaluaasje west fan it Provinsjaal Ferkear en Ferfier Plan (PVVP) út Yn dit ferbân is der praten mei gemeenten en Ryk, mei eksterne deskundigen en mei belangegroepen. Troch in advertinsje en fia de provinsjale webside is oan belutsenen de gelegenheid bean om te reagearjen. Mei-inoar binne 45 reaksjes registrearre, 15 wienen ôfkomstich fan yndividuele boargers. De beslútfoarming oer de evaluaasje fan it PVVP 2006 wie in haadsaak yn Provinsjale Steaten fan 15 desimber De lêste stimming wie op 26 jannewaris Op grûn hjirfan sil in Nota fan Wizigingen fan it plan opsteld wurde. Iderien dy t reagearre hat, is fan de resultaten fan de beslútfoarming op e hichte steld. Teffens wienen der evaluaasjes oer de neikommende ûnderwerpen: Beliedsevaluaasje topattraksje De ynformaasje is brûkt foar it opstellen fan de útfieringsaginda topattraksje Ynnovative aksjesprogramma Fryslan Fernijt I. De útkomst is noch net bekend. De omkritenfergunning (Wabo) Nei in lange tarieding is mei yngong fan 1 oktober 2010 de Wet algemiene bepalingen omkritenrjocht (Wabo) yngongen. Fan dy datum ôf kin de boarger c.q. ûndernimmer by íén loket syn oanfraach yntsjinje om in fergunning te krijen foar it realisearjen fan in projekt. De Wabo ferfangt sirka 25 fergunning- en tastimmingstelsels; ûnder oaren de boufergunning en de miljeufergunning. De oanfraach foar in fergunning kin digitaal yntsjinne wurde. Utgongspunt hjirby is dat de oanfreger fan de omkritenfergunning de winske gegevens mar íén kear hoecht oan te leverjen by de oerheid. De belutsen oerheden stimme ûnderling ôf. Boargerjierferslach 11

12 Boargerjierferslach 2010 F RY S L Â N: I E P E N E N E I G E N De provinsje hat foar bedriuwen in foarljochtingsboekje makke, dêr t de feroaringen yn oanjûn binne. De provinsjale meiwurkers binne byspikere om yn de nije situaasje goed hannelje te kinnen en der binne gearwurkingsôfspraken makke mei de Fryske gemeenten en Wetterskip Fryslân. Utfieringsorganisaasje Fergunningferliening, tafersjoch en hanthavenje (Ek wol: Regionale Utfieringstsjinst (RUD)) In grut tal lanlike ûntwikkelingen is oanlieding om de útfiering fan fergunningferliening en it tafersjoch op de omkriten te ferbetterjen. De wichtichste binne ûnder mear it íén- loketprinsipe by de oerheid (Wet algemiene bepalingen omkritenrjocht, Wabo), it fierdersoan beheinen fan de fergunningsplicht, de gemeenten as earste oerheid (ynearsten útsein komplekse ynrjochtingen) en de ferheging fan de kwaliteit fan de útfieringspraktyk. Foar it strafrjochtlike miljeuhanthavenjen is der ek reden de útfiering te bondeljen, sadat de lanlike kriminaliteit troch in bettere en ôfstimde ynformaasjefoarsjenning effektyf oanpakt wurde kin. Fanwegen it draachflak is keazen foar in bottom-up proses en it úterlik op yn wurking hawwe fan in Fryske Utfieringsorganisaasje Miljeu en Omkriten (FUMO). Dit is in lanlik netwurk, dat wurket foar de oerheden sadat de ynformaasjefoarsjenning nei alle belutsenen ferbettere wurde kin en ek minder fersnipele wurdt. Sa wurdt de kwaliteit fan dy VROM-aspekten yn de wenkriten yntegraal ferbettere. De provinsje hat de regy fan it proses en hat yn 2010 mei de partners de haadlinen foar gearwurking en ynformaasjedieling yn byld brocht. Nei in lanlike en Fryske besinning op it proses hawwe de partners ynstimd mei de neikommende stap yn it plan fan oanpak. Dat giet oer it yn byld bringen fan it meast geskikte model wêrmei t foldien wurde kin oan lanlike en Fryske kaders. De byhearrende taken, de bedriuwsekonomyske, personele gegevens en it gebrûk fan helpmiddels foar de ynformaasjedieling wurde yn byld brocht. Begjin 2011 sil Deloitte har advys presintearje en dan kinne partijen in kar meitsje. De minister is ynformearre oer it proses. Fierdere stap is it keazen model útwurkje yn in ynfieringsplan. Ferliening fan subsydzjes De ôfdieling Subsydzjesaken is al jierren dwaande mei de subsydzjetakenning fan de ôfdielingen Kultuer, Taal & Ûnderwiis, Soarch & Wolwêzen, Ekonomy, Rekreaasje & Toerisme en Programma s Projekten Lanlik Gebiet. It giet oer mear as tsien ferskillende subsydzjes mei op jierbasis mear as 2000 ferlieningen. Bij de ôfdieling Ekonomy, Rekreaasje & Toerisme kin bygelyks tocht wurde oan: Folpunten regeling; elektrysk farre; sinnestreamregeling. Yn opdracht fan de direksje hat de ôfdieling Subsydzjesaken yn 2010 wichtige stappen set om in sintrale ôfdieling te ûntwikkeljen foar it prosesmjittich ôfhanneljen fan subsydzjes. Yn dat ramt is de ôfdieling begûn mei it opstellen fan saneamde Tsjinstferlieningsoerienkomsten (DVO s). Yn dy oerienkomsten wurde de ûnderlinge wurkôfspraken fêstlein om sa te soargjen foar in korrekte oerdracht fan útfieringswurksumheden nei de ôfdieling Subsydzjesaken. Yn 2010 binne der ûnder oaren foar de ôfdielingen Kultuer, Taal & Underwiis, Ferkear & Ferfier en Fryske Marreprojekt oerienkomsten opsteld. It úteinlike doel is dat de ôfdieling Subsydzjesaken it grutste part fan de provinsjale subsydzjeferliening fersoarget. Oare wichtige saken dy t fierder spylje op de ôfdieling binne it ûntwikkeljen fan in nij subsydzje-folchsysteem en it ferbetterjen fan de rjochtmjittichheid yn de hele organisaasje. De ôfdieling is ek begûn mei it standerdisearen fan de útfiering; it resultaat is dat der yntusken wurke wurdt mei standertbrieven. 12

13 Yn ûndersteand skema binne as foarbyld de subsydzjeregelingen oangeande Monuminten en kultuerhistoarje opnommen. Beslúten subsydzjes Subsydzjeregeling ûnderdiel (wetlike) ôf- oantal persintaazje op tiid hannelingsnoarm ôfhannele ôfhannele Monuminten en kultuer- ûnderhâld molens 8 wkn % histoarje provinsje Fryslân restauraasje monuminten 8 wkn 4 (dizze regeling 100% is no sletten) Bouhistoarysk ûndersyk 8 wkn 6 100% Stimulearring restauraasje Restauraasje 8wkn 7 90 % Ryksmonuminten provin- monuminten (1 oanfraach sje Fryslân oanhâlde) Subsydzje út Sosjaal Ynvestearringsfûns foar 25 projekten Foar 25 projekten is in subsydzje takend út it Sosjaal Ynvestearringsfûns fan de provinsje Fryslân. Mei dy projekten giet in bedrach fan mei-inoar ,- hinne. Fan de mei-elkoar 39 yntsjinne oanfragen binne der 9 ôfwiisd omdat sy net foldienen oan de kritearia en 5 oanfragen binne ynlutsen. Der is 4 kear in subsydzje takend fan of minder (lytse projekten mei licht hifkjen). De hichte fan de oare subsydzjebedragen fariearret fan sa n ,- oant projekten falle ûnder it tema jeugd en gesin, 3 ûnder maatskiplike partisipaasje, 7 ûnder mienskiplikens en leefberens en 5 projekten ûnder it tema soarch. Foarbylden fan projekten dêr t subsydzje oan takend is: Stenden, moetingssintrum jonge âlders, , tema jeugd en gesin Talant, voel je goed, , tema maatskiplike partisipaasje MFC Koatstertille, , tema mienskiplikens en leefberheid Duet, partisipaasje autisme, , tema Soarch Provinsjaal earmoedebelied 2010 Foar de jierren 2007 o/m 2010 binne der middelen beskikbaar steld foar de bestriding fan earmoede yn Fryslân. Yn 2010 binne der yn dit ramt njoggen projekten tasein. Sa is der û.o. subsydzje takend oan it Jongereinsportfûns, in fûns dat jongeren troch sportpartisipaasje in kâns jout har posityf te ûntwikkeljen en oan de Stichting Learjild dy t jongeren yn steat stelt om mei te dwaan op skoalle, bygelyks troch it finansieren fan in kompjûter, hobbys of oare kulturele aktiviteiten. In finansjele bydrage is ek levere oan it projekt Klasse!kas, dêr t basisskoallelearlingen fan de boppebou leare om te gean mei jild, mei as doel foar te kommen dat sy letter troch in ferkearde kar yn de skulden reitsje. Fierder sille der yn ferskillende gemeenten hûs oan hûs kânskaarten ferspraat wurde. Dêr stean mooglikheden yn foar in finansjele ûndersteuning en mocht der dôchs sprake wêze fan akute need, dan kin in helpferliener foar finansjele stipe telâne by de Stichting Urgente Noden Fryslân, sadat de kliïnt direkt út de need holpen wurdt. Om út te sykjen hoe t de tsjinstferliening fierder ferbettere wurde kin, is der in hifking holden. It rapport Hifking Earmoedebelied is oan Provinsjale Steaten oanbean. Boargerjierferslach 13

14 Boargerjierferslach 2010 F RY S L Â N: I E P E N E N E I G E N Telefoanyske berikberens Yn 2009 is in telefoanysk berikberheidsûndersyk holden. It ûndersyk is útfierd troch it bureau Telan, dat ek alle oare provinsjes yn Nederlân op berikberens hifket. Utkomst fan it ûndersyk is dat de algemiene berikberheid fan ús provinsjehûs goed is. Der sit wol ferskil yn de rjochtstreekse berikberheid fan de ferskillende ôfdielingen. Hjir is yn 2010 in ferbetterprogram foar ynsteld. Dêrneist is yn 2010 út ein set mei in kwaliteitshânfêst. De resultaten hjirfan binne op dit stuit noch net bekend. Beteljen faktueren It doel fan it belied fan de provinsje Fryslân is om faktueren binnen 30 dagen te beteljen. Faktueren dy t net binnen dy termyn foldien binne, binne te let betelle faktueren. Yn 2009 krige de provinsje sirka faktueren te ferwurkjen. Yn 2010 is dat tal oprûn nei sirka It persintaazje te let betelle faktueren is fergelike mei 2009 hast gelyk bleaun. In wichtige oarsaak fan de te let betelle faktueren is de desintrale adressearring fan de faktueren en it ûntbrekken fan in folchsysteem fan de faktueren. Ein 2010 is it faktuerôfhannelingsproses folslein digitalisearre. Mei de digitalisearring kinne de betelterminen better yn e gaten hâlden wurde en kin earder yn it proses betelle wurde. Yn 2011 binne we fan doel om strakker de hân te hâlden oan it proses fan ynkeap/opdrachtferliening en sintrale adressearring fan faktueren. Teffens sille we de leveransiers freegje de faktuereasken yn acht te nimmen. It persintaazje te lette betellings kin sa omleech brocht wurde nei op syn heechst 10%. ûntwikkeling te let betelle faktueren % % % % % % % Oersicht betelle faktueren yn 2010 Op tiid betelle 83% 0-10 dagen te let 7% dagen te let 3% dagen te let 2% dagen te let 3% > 63 dagen te let 2% Webside De fernijde provinsjale webside ( is yn 2010 likernôch kear rieplachte. De trend dy t in pear jier lyn ynset is, dat hieltyd mear minsken fia Google op de side komme, set ek dit jier troch. Yn 2009 wie it persintaazje 29 %, yntusken is dit 34 %. Hast 10 prosint fan de besikers die in sykopdracht op de provinsjale webside. De meast populêre sykopdracht wie fakatueres. Streekplan, swimwetter, subsydzje, ov-chipkaart en krimp skoarden heech. 14

15 In ûndersyk nei de begryplikheid fan teksten op de side wiisde út dat goed 60 prosint op in te dreech taalniveau skreaun is. In euvel dêr t alle oerheden trouwens mei te krijen ha. Dêrom binne wij út ein set mei it jaan fan kursussen webteksten skriuwe foar amtners, dy t ynformaasje taskikke foar publikaasje op de side. Wij wurkje ek mei digitale hifkingsynstruminten om it taalniveau te monitoaren. De earste resultaten binne yntusken sichtber. Sa waarden de parseberjochten ein 2010 foar 70 prosint op it winske taalniveau skreaun (wie 18 yn april). Yn 2011 sille wij fierder mei it begrypliker meitsjen fan de oare teksten op de side. Fan augustus ôf ferstjoere wij de parseberjochten ek fia Twitter. Yntusken is it tal followers goed 550. Youtube, Hyves, Flickr binne sosjale media dy t wij ek sûnt 2010 brûke. Mei yngong fan 1 jannewaris 2011 binne alle oerheden yn Nederlân ferplichte om de folsleine regeljouwing online beskikber te stellen fia de Sintrale Foarsjenning Decentrale Regeljouwing. Oan dy ferplichting hawwe wij foldien. Op dy datum moasten alle oerheidswebsides ek foldwaan oan de saneamde webrjochtlinen. Dat is yn 2008 fêstlein yn it bestjoersakkoart Nasjonaal Utfieringsprogram Bettere Tsjinstferliening (NUP). Mar twa prosint fan alle oerheden is hjiryn slagge. De provinsjale webside foldocht ek noch net oan de rjochtlinen. By in kommende (technyske) feroaring fan de side wurdt dit lykwols wol íén fan de prioriteiten. Oare wize fan bekendmakkingen Alle sneonen ferskine de provinsjale meidielings op in fêste pagina yn de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd. Fanwege de kosten wurdt noch besjoen oft keazen wurdt foar inkeld en allinne dizze beide kranten. De sintrale meidielingepagina is ynsteld om de provinsje better werkenber te meitsjen. De lay-out en de ynformaasjefoarsjenning op dy pagina bliuwe in punt fan oandacht. Ynhâldlik binne wat oanpassings dien, lykas it safolle mooglik uniformiteit yn de ferskate teksten te krijen. Yn in inkel gefal, by tige spesifike of pleatslike ûnderwerpen wurdt noch gebrûk makke fan hûs-oan-hûs-blêden of fakblêden. De bekendmakkingen fan de provinsje Fryslân binne ek te finen op en op Nijsbrieven, ynformaasjebrieven en parseberjochten Alle nei bûten ta rjochte ôfdielingen yn it provinsjehûs meitsje gebrûk fan nijsbrieven (skriftlik en ek wol digitaal) om de boargers of gemeenten en/of maatskiplike organisaasjes ensfh. op de hichte te bringen fan de aktiviteiten. Sa binne der bgl. nijsbrieven oer de Fryske Fiersichten, De Centrale As, it projekt N381 Drachten-Drintske grins, Plattelânsprojekten en it Fryske Marreprojekt. Fierdersoan binne der (bygelyks) foar de neikommende projekten nijsbrieven, ynformaasjebrieven en parseberjochten de doar útgongen: útwreiding kapasiteit Johan Frisoslûs en werynrjochten Trynwâlden. oer de N381: De digitale nijsbrief wurdt as kommunikaasjemiddel brûkt. Teffens is it fêststelde trasee fan de N381 Drachten Drintske grins op de webside pleatst (ynteraktive kaart). Sa kinne belangstellenden it ûntwerp, projektearre op loftfoto s, visualisaasjes en filmkes besjen. Oangeande it iepenbier ferfier hawwe reizgers dit jier fia advertinsjes, radiospotsjes, reklame op de bushokjes, ynternet en brosjueres ynformaasje krigen oer it oankommende ôfskied fan de strippekaart. De provinsje hat it ministearje fan V&W frege om de strippekaart ôf te skaffen yn Fryslân. De kampanje wol de IF- reizgers stypje by de oerstap nei de OV- chipkaart en oantrúne op tiid in OV- chipkaart oan te skaffen. Boargerjierferslach 15

16 Boargerjierferslach 2010 F RY S L Â N: I E P E N E N E I G E N Fersiken om ynformaasje Der kamen yn 2009 sirka 1150 elektroanyske ynformaasjefersiken yn en likernôch 1000 telefoantsjes. Foar 2010 giet it om 970 s respektivelik 840 telefoantsjes. Beide oantallen binne dus omleech gien. Dit hat nei alle gedachten te krijen mei it fierder ferbetterjen fan de webside, Elektroanysk oanfreegjen fan subsydzjes, fergunningen, ûntheffingen ensfh. Der binne ferskate mooglikheden om digitaal (fia de mail) subsydzjes oan te freegjen, bgl. foar sport en foar soarch en de lêste tiid ek foar ûnderwiis. It definitive fersyk moat no noch skriftlik yntsjinne wurde, fanwege de juridyske status fan in elektroanyske hantekening, dy t noch net foldocht. Itselde jildt foar ûntheffingen/subsydzjes/fergunnings yn it ramt fan de Wet boaiembeskerming, Wet miljeubehear, Nb-Wet ensfh. Fierdersoan binne der bgl. yn it ramt fan de Boskwet kapmeldings en fersiken om kompensaasje ensfh. Fia de webside fan it ministearje fan LNV binne spesjaal hjirfoar bestimde formulieren del te laden. Klanttefredenheid Oars as yn de lêste jierren binne der yn it ôfrûne jier mar in pear as hielendal gjin klanttefredenheidsûndersiken hâlden. It giet ek te fier om dat alle jierren te dwaan. Der is wol in klanttefredenheidsûndersyk west nei oanlieding fan de sertifisearring fan de baggerdepots. De útkomst wie dat de klanten reedlik tefreden wienen. IF-reizgers dy t tusken 1 en 31 oktober 2010 in persoanlike OV-chipkaart oanskaft hawwe, koenen 50% fan it oanskafbedrach fan de provinsje werom krije. Yn dy perioade hat de provinsje ek in telefoannûmer iepensteld foar minsken dy t fragen hienen oer de OV-chipkaart. Iepenbier ferfier De provinsje jout konsesjes út foar iepenbier ferfier en sjocht derop ta dat de bedriuwen de taseine tsjinstferliening oan de boarger ek yndied neikomme. Yn 2009 is de Nota Konsesjebehear IF fêststeld. Hjiryn wurde de kaders fan it konsesjebehearsysteem delset en sa is der sprake fan in strukturearre oanpak fan it tafersjoch op it neilibjen fan de konsesjes. Om ek oan boargers dúdlik te meitsjen wat de iepenbier ferfierbedriuwen út e wei sette kinne, wurde elk fearnsjier de sifers oer gebrûk, op tiid ride, ritútfal en klachten bekend makke. Dy sifers wurde op de webside fan de provinsje buorkundich makke. Oanbesteging konsesje Heechweardich IF Grins it Hearrenfean Lelystêd De hjoeddeistige konsesje foar de Heachweardige IF-ferbining Grins it Hearrenfean Lelystêd eindiget mei yngong fan 1 july Dêrom binne de provinsjes Flevolân en Fryslân en it IF-bureau Grins-Drinte yn april begûn mei de tariedings foar in Europeeske oanbesteging fan de nije konsesje. It bestek hjirfoar is ein septimber op de merk brocht. De nije konsesje rint fan 1 july 2011 oant en mei 8 desimber Foar dy koarte rintiid is ûnder mear keazen om it ferfier op it trajekt Grins Lelystêd (of in part fan dit trajekt) ûnder te bringen by de nije konsesje foar Noard en Súdwest Fryslân, dy t yngiet op 9 desimber It is de bedoeling om de nije konsesje begjin 2011 te gunnen. 16

17 Koarting foar skoalbern Yn it skoaljier is de regeling foar koarting op IF abonneminten foar 16- en 17- jierrige skoalbern (better bekend as koarting foar skoalbern ) trochset en evaluearre. De wichtichste punten út de evaluaasje: By 10 FMBU-skoallen yn Fryslân binne ûnder fjirdejiers skoalbern enkêtes ôfnommen. Mei-inoar binne 468 brûkbere enkêtes meinommen yn de analyze. Foar 93% fan de respondinten spilet oplieding in rol by de skoalkar, foar 4% in bytsje en foar 2% spilet oplieding gjin rol. Foar 48% fan de respondinten spilet reiskosten gjin rol by de skoalkar, foar 31% in bytsje en foar 20% spilet reiskosten wol in rol. Foar 49% fan de FMBU-ers soe in eventuele reiskostefergoeding der net foar soargje dat se in oare skoalkar meitsje. Foar 37% soarget in fergoeding miskien foar in oare kar; 13% seit in oare skoalle te kiezen (1% joech gjin antwurd). Lykwols: wichtichste reden om foar in skoalle te kiezen is de oplieding (83,8%), dan advys fan âlders/skoalle (2,1%), reistiid (1,5%), freon(dinne)en op deselde skoalle (0,9%) of oars (0,2%) (11,1% fan dy fraach waard fout ynfold en wurdt as missing oantekene). Foar mar 0,4% is reiskosten de wichtichste reden om in skoalle te kiezen. Dy evaluaasje, plus it feit dat de Ryksoerheid gjin regeling foar MBU-studinten meitsje wol, en ek it feit dat net folle gebrûk makke wurdt fan de regeling wylst de overheadkosten aardich heech binne, hawwe Provinsjale Steaten ta it beslút brocht om de regeling net fierder troch te setten. Úteinlik is der yn it skoaljier in bedrach fan útkeard oan abonneminthâlders. Duorsum IF Yn 2010 ride op inisjatyf fan de gemeente It Amelân 4 bussen op it eilân op ierdgas. De provinsje hat meibetelle oan de bussen en it ierdgasfolpunt. Yn de konsesje Súdeast Fryslân ride sûnt 2009 al 7 bussen op ierdgas en men is dêr folslein tefreden oer. Fierder is der yn it ramt fan Ynnovaasje yn Ferfier(ing) op Flylân in wykein op proef riden mei in elektryske bus. De proef wie in sukses en TCR en Bluekens (leveransier fan de bus) binne no dwaande om in bus klear te meitsjen om op it eilân te riden. By einbeslút hawwe PS yn 2010 in moasje oannommen om in nij IF-systeem te ûntwikkeljen wêrby t ek omtinken jûn wurdt oan duorsume brânstoffen. Mei de tariedings is út ein set en yn 2011 wurdt in begjin makke mei de útfiering fan de moasje. Fryske taal Yn it beliedsplan Fryske taal , dat mei in jier ferlinge is nei 2011, stiet dat elkenien dy t Frysk prate en skriuwe wol, folslein it rjocht hat dat te dwaan. By de rjochtbank like goed as by de bakker. Mar it giet der fansels ek om dat dit rjocht yn praktyk brocht wurdt. It plan hjit dan ek net om e nocht Fan Rjocht nei Praktyk, Frysk yn Fryslân: taal tusken minsken. As minsken yn har memmetaal oansprutsen wurde, oft dat no Frysk, Frânsk of Friulysk is, jout dat wat fertrouds en is der fuort in bân. Spitigernôch is de sichtberens fan it Frysk yn it deistich libben faak net botte grut. Yn oare regio s mei minderheidstalen is dat faak wol oars. Ek yn it Fryske bedriuwslibben wurdt it Frysk net in protte brûkt. As de klant hjir yn de memmetaal benadere wurde soe biedt dat foardielen foar it bedriuw: de tsjinst of it produkt komt tichter by de klant. Dêrom stiet yn it beliedsplan de bedriuwesektor dan ek as in spearpunt. Boargerjierferslach 17

18 Boargerjierferslach 2010 F RY S L Â N: I E P E N E N E I G E N Mei in subsydzjeregeling wol de provinsje bedriuwen ferliede om de Fryske taal mear te brûken. Dat kin bygelyks yn foldermateriaal, op buordsjes, op websiden, ensfh. Dat dizze regeling bedriuwen yndie oer de streek hellet om Frysk te brûken, hat sûnt 2008 dúdlik bliken dien. Der wie safolle flecht op e koai dat sels yn 2010 binnen fiif wike it plafond berikt wie. Neitiid moasten in protte bedriuwen teloarsteld wurde. Njonken in grut tal bedriuwswebsiden dy t no 2-talich binne, neame we noch in pear moaie foarbylden dy t ûndertusken útfierd (of noch yn ûntwikkeling) binne én sûnder de regeling net mooglik west hienen: Frysktalige games mei typysk Fryske ûnderwerpen; in webside mei in digitaal wurdboek en staveringshifker; Frysktalige buordsjes yn in soarchynstelling (âlde minsken sjogge de har fertroude taal); foarlêsferhaaltsjes mei plaatsjes foar pjutten op in webside (gaadlik foar Friezen om utens); in fersekeringsbedriuw dat op de webside it Frysk as earste taal brûkt en njonken de ynformaasje oer de fersekeringen Fryske spultsjes opnommen hat. Yn 2010 hat de provinsje in koarte hifking dien by de bedriuwen dy t yn de earste 2 jier subsydzje krigen ha. Se wienen allegearre tefreden oer it einresultaat en krigen ek hast allegearre tige positive reaksjes op it brûken fan it Frysk. Yntegriteit Yntegriteit is en bliuwt in kearnwearde foar in oerheidsorganisaasje. De provinsje foldocht oan de troch it Ministearje fan Ynlânske Saken opstelde 13 basisnoarmen en hâldt dy aktueel. Fansels is der in gedrachskoade en wurknimmers dy t yn de wurksituaasje dilemma s tsjinkomme kinne dêroer fertrouwelik prate mei in fertrouwenspersoan. De provinsje hat 2 fertrouwenspersoanen, in man en in frou. Der is ek in intersprovinsjale klokliedersregeling dy t yn 2010 útwreide is mei in rjochtsbystânfersekering foar in kloklieder. Mei dy regeling wurdt it yntern trochjaan fan eventuele misstannen fuortsterke. 18

19 III. De kwaliteit fan boargerspartisipaasje Ynformaasje- en ynspraakgearkomsten Alle jierren wurde der tal fan ynformaasjegearkomsten en ynspraaktrajekten organisearre. De ynformaasjegearkomsten binne dy gearkomsten, dy t oars net as ynformatyf binne. By ynspraakgearkomsten of ynspraaktrajekten is it krekt de opset om stânpunten of ideeën fan de oanwêzigen te sammeljen sadat dy no krekt meinommen wurde kinne yn de beslútfoarming. In pear foarbylden: Jongereinsoarch Fan novimber 2010 is lanlik de wike fan de jongereinsoarch hâlden. De provinsje Fryslân hat neist in mediakampanje, in stik as fiif aktiviteiten organisearre om positive resultaten fan de jongereinsoarch by it grutte publyk ûnder de oandacht te bringen: - Startgearkomste, dêr t it jongereinsoarch-team ynstallearre waard, op it provinsjehûs (40 besikers) - Netwurkgearkomste foar profesjonals út jongereinsoarch en ûnderwiis yn Snits (65 besikers) - Happening MBU/HBU op de NHL Hegeskoalle (250 studinten) - Foarljochtingsgearkomste Singelland Drachten FMBU (100 learlingen) - Staazjes yn de jongereinsoarch foar managers, politisy en skoallieders (65 dielnimmers) Ynformaasjegearkomsten N361 en N910 Der binne ynformaasjegearkomsten/doelgroepjûnen en wurksesjes hâlden oer de útfiering fan projekten op/oan/foar: N361 en N910, de te ferfangen brêge yn Froubuerstermole, Rûnwei Lemmer en de trije te meitsjen keunstwurken yn de dyk Ljouwert - Boalsert. Doelgroep(-en) by de gearkomsten ensfh. wienen hieltyd omwenners, belanghawwenden en befolking. Ynformaasjegearkomsten oer (oare) ynfrastruktuerele plannen Fryslân is foar de oanpak yn gebieten (GGA) ferparte yn 5 gebieten. Op de gemeenten Ljouwert en de Waadeilannen nei binne alle ferkearsamtners fan de gemeenten hjiryn fertsjintwurdige. Fan t jier binne der yn trochsnee 4 gearkomsten it gebiet west, dêr t ôfstimd is oer ynfrastruktuerele plannen. Fierder is der yn trije gebieten 1 bestjoerlike gearkomste west, dêr t de neikommende ûnderwerpen besprutsen binne: Noardeast prosesbegelieding foar projekten, yntegrale feilichheid yn Súdeast en it werynrjochtsjen fan 60 km gebieten yn Noardwest. Yn 7 gemeenten is de provinsje as adviseur foar de ferkearsfeilichheid belutsen west by ferkearskommisjes dy t troch dy gemeenten ynsteld binne. Hjir wurde benammen de gemeentelike ferkearsproblemen besprutsen, by twa gemeenten binne der ek sprekoeren foar bewenners. De kommisje wurdt fertsjintwurdige troch gemeente, polysje,vvn en provinsje Fryslân en komt yn trochsnee 4 x yn t jier by elkoar. Ferskate ynformaasjegearkomsten Geregeld wurde der foar omwenners, belangstellenden, ûndernimmers ensfh. gearkomsten organisearre om minsken op e hichte te bringen fan kommende of noch rinnende plannen. In pear foarbylden: Ynrinjûn Noardelike Alvestêde farrûte Ynrinmiddei Masterplan Harns (as part fan Gebietsûntwikkeling N31) Boargerjierferslach 19

20 Boargerjierferslach 2010 F RY S L Â N: I E P E N E N E I G E N Twa kear Sketsatelier masterplan Boalsert Ynrinjûn masterplan De Lemmer Ynrinjûn masterplan Dolsterhuzen/Ychtenbrêge ûndernimmerssesje Rottige Meente Der binne yn novimber en desimber 17 foarljochtingsgearkomsten organisearre om IF- reizgers te stypjen by it oanfreegjen en brûken fan de OV-chipkaart. Dy gearkomsten binne holden yn Ljouwert (2), Drachten (2), it Hearrenfean(2), Snits(2), Dokkum(2), Burgum(2), Beetstersweach, De Jouwer, Easterwâlde, Wolvegea, Frjentsjer. De gearkomsten lutsen folle sealen. Op 20 oktober 2010 is der yn de Steatekommisje Lân, Loft en Wetter in presintaasje jûn oer Duorsumheid Iepenbier Ferfier, Stân fan saken OV- chipkaart en de Evaluaasje PVVP. Neist boppeneamde lytse greep út aardich wat foarbylden stean hjirûnder, yn 2 oersichten, noch in tal fan dy gearkomsten, mei byhearrende doelgroepen. It jout net in oersicht fan alle gearkomsten, mar wol in goed byld fan de mannichte oan ûnderwerpen dy t yn de provinsje spylje. Ynformaasjegearkomsten yn 2010 Ûnderwerp Doelgroep Ynformaasjegearkomsten oer Natura 2000 behearsplannen: Earste gearkomste opstellen Natura behearsplan Alde Feanen Stikstof en Natura 2000 yn en om de Alde Feanen Presintaasje konsept Natura 2000-behearsplan Grutte Wielen y.g.m. Wettergebietsplan Grutte Wielen Seminar University Campus Fryslân Foarljochtingsjûn Johan Frisoslús 18 febrewaris 2010 Foarljochtingsjûn útfiering baggerwurk Langwarder Wielen 4 maart 2010 Foarljochtingsjûn rekreative foarsjenningen Lauwersmargebiet Stinaf-regeling Toerisme kongres Toeristyske gearwurkingsferbannen yn NO en NW- Fryslân Ynformaasjegearkomste Skeg (gebietsûntwikkeling De Centrale As) Riede- en steategearkomste oer de Centrale As Vredeman de Vriespriis Omwenners, belanghawwenden en ynteressearren Kennis ynstituten en ûnderwiisynstellingen Belutsen ûndernimmers, omwenners, stedsbelang Belutsen ûndernimmers en belange-organisaasjes Belutsen ûndernimmers en belange-organisaasjes Toeristyske ûndernimmers. Toeristyske ûndernimmers en branche fertsjintwurdigers Toeristyske ûndernimmers Bewenners yn de trijehoeke Noardburgum, Hurdegaryp en Feanwâlden Riedsleden fan Dongeradiel, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Smellingerlân, steateleden fan provinsje Fryslân Utrikt oan TWA Architekten en Wenjen Noardwest Fryslân (priis foar architektuer) 20

21 Onderwerp Doelgroep Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Sirka 20 Ynfogearkomsten foar de Pleatslike Belangen fan de doarpen by it trasee fan de Gebietsûntwikkeling N381 A7 Ynfo-gearkomste oer in part fan it trajekt. Utrikt oan Herma Bovenkerk fan Koudum, foar jierrenlang stimulearjen byldhoukeunst De ferskillende Pleatslike Belangen en omwenners Omwenners Ynspraaktrajekten en gearkomsten yn 2010 Ûnderwerp Doelgroep Effekt N381; ferskate gearkomsten lykas Iepenbiere harksitting Steatekommisje Lân, Loft en Wetter; Realisaasjebeslút PS; Ynrinmerk foar (en ek it hearren fan) gemeenterieden Opsterlân, It Hearrenfean en Eaststellingwerf yn it ramt fan it Provinsjaal Ynpassingsplan (PIP); Oerlis mei 19 húshâldens oer it akoestysk ûndersyk foar omwenners trasee; Ynrinmerk Foarûntwerp Provinsjaal Ynpassingsplan (VO-PIP) Harksitting Provinsjaal Ynpassingsplan De Centrale As Kavelruil Noard yn it ramt fan de Centrale As Ynspraakgearkomste Masterplan Wâldsein Ynspraakjûn Masterplan Earnewâld Frysk Miljeuplan Hat op besjen lein en der is in dialooch- en ynspraakjûn hâlden. Omwenners, bestjoeren fan doarpsbelangen, belangstellenden en gemeenterieden Opsterlân, it Hearrenfean en Eaststellingwerf Belutsenen, belangstellenden Grûneigners bepale sels de nije taskikking Belutsenen, belangstellenden Belutsenen, belangstellenden Gelegenheid bean oan belanghawwenden en belutsenen om mûnling opfettings yn te bringen. Dêr is gjin gebrûk fan makke. It effekt fan de ynfogearkomsten is dat yn gearwurking mei de Pleatslike Belangen, Doarpsbelangen en de befolking op konstruktive wize sjoen wurdt nei de winsken en ideeën fan de belangegroepen. De winsken en ideeën wurde meinommen by it opstellen fan it Ynrjochtingsplan fan de Gebietskommisje N381. Gjin mjitbere effekten. Reaksjes wurde meinommen yn de oerwagings. Kreëarjen draachflak; gauwer resultaten. Gjin mjitbere effekten. Reaksjes wurde meinommen yn de oerwagings. Gjin mjitbere effekten. Reaksjes wurde meinommen yn de oerwagings. 5 brieven met opfettings. Op basis fan de ynkommen reakjes is in reaksjenota opsteld. Boargerjierferslach 21

22 Boargerjierferslach 2010 F RY S L Â N: I E P E N E N E I G E N It ferfolch fan Fryske Fiersichten De Fiersichten binne út ein set mei ideeën ynsammeljen yn 2006 en de scope wie it jier De útfiering fan de yn 2008 keazen 10 Beste Fiersichten gean dan ek noch hieltyd troch. Der is bygelyks in soad omtinken foar de Fryske Tsjerken. It projekt Fryslân Ferbynt hat in digitaal platfoarm ûntwikkele ( en organisearret yn 2012 in simmer fol mei aktiviteiten foar Friezen en Friezen om utens, dêr t it ferbinen fan ekonomy en kultuer én minsken by sintraal stiet. Foar it fiersicht Op e merk bringe is yn 2010 in konsept ûntwikkele en der wurdt oan draachflak wurke. It merkkonsept Fan Fryslân (LOGO) wurdt yntusken troch Fryslân Marketing útfierd, sjoch ek op: PS hawwe ynstimd mei in útfieringsplan mei oanknopingspunten foar in konkrete wurklist yn De foarstellings fan de Fiersichten: gebrûk meitsje en ferbine fan ideeën út de Fryske mienskip en by Fryslân belutsenen yn Nederlân en it bûtenlân kriget in fernijend ferfolch yn it projekt Digitale Wurklist Fryslân, dat oanslút bij de Digitale Wurklist fan Europa. Mear ynformaasje oer Fryske Fiersichten: Duorsume Enerzjy Frisian Solar Challenge Fan 4 oant en mei 10 july 2010 wie de Frisian Solar Challenge. Foar de tredde kear gong de wedstriid foar sinneboaten by de rûte fan de Fryske Alve Stêden del. 45 teams fan universiteiten en ynnovative duorsume bedriuwen út binnen- en bûtenlân dienen mei oan de race. De Frisian Solar Challenge soarget foar nije ûntwikkelingen en tapassings op it mêd fan duorsume (sinne)enerzjy. De media joegen in soad omtinken oan de race. Sa dienen Omrop Fryslân en RTL7 alle dagen ferslach. De kommende edysje fan de race is yn Subsydzjeregeling Enerzjybesparring Besteande Bou De Subsydzjeregeling Enerzjybesparring Besteande Bou foar hûseigners wie in boppeslach. Dy subsydzje foar it enerzjysuniger meitsjen fan húzen wie yn trije moannen op. Mei-elkoar wie der in miljoen euro beskikber foar hûseigners. De provinsje Fryslân wol ynvestearje yn wenningen dy t minder enerzjy brûke. Dat smyt legere wenlêsten en in behaachlik hûs op. Troch dy subsydzje ynvestearje hast fiifhûndert hûseigners hast seis miljoen euro yn enerzjybesparjende maatregels. Dat is in ympuls foar de Fryske ynstallaasje- en boubedriuwen. Helpende hân Yntusken wurkje santjin Fryske gemeenten oan in lokale oanpak om huzen enerzjysúniger te meitsjen. Se rjochtsje yn e mande mei boubedriuwen en ynstallaasjebedriuwen in gearwurkingsferbân op. We hawwe De Hantrekken Helpende Hân dien om gemeenten dêrby te helpen. Se krije ek startjild. Elektrysk Farren Yn Snits binne op trije plakken elektryske oplaadpunten mei krêftstream yn gebrûk nommen. Sa is Snits it earste plak yn Noardwest-Europa wêr t grutte (ferhier)krúsers maklik har batterij oplade kinne. Fierder binne der yn Snits by de Kolk twa oplaadpunten delset, by de Domp fjouwer oplaadpunten en by de Houkesleat twa. De provinsje Fryslân hat ek de subsydzjeregeling foar elektrysk faren ferlingd. Der wie noch beskikber. Partikulieren en bedriuwen kinne in subsydzje krije foar it oerstappen op in boat mei elektryske oandriuwing. De subsydzje fariearret fan oant op syn meast Yn 2010 binne 34 oanfragen tasein. Ride op alternative grûnstoffen De provinsje Fryslân wol ûndernimmers en boargers oantrúne om op grien gas te riden. Dat dogge we yn e mande mei de groep Fol Gas Foarút. Bedriuwen, Fryske gemeenten en de Stichting Millennium Bedriuwen dogge mei oan dy groep. Grien gas is de duorsume opfolger fan ierdgas. De gearstalling fan ierdgas en grien gas is gelyk 22